Partoer Van der Bos wint

29 maaie 2011 - 17:12
  • Triemstra, Iseger en Van der Bosch (foto's:Henk Bootsma)
  • Daniël Iseger (kening) en Taeke Triemstra

It keatspartoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger wûn snein yn Doanjum wer ris in haadklassewedstriid. Yn de finale wiene se te sterk foar Hendrik Tolsma, Michel van der Veen en Peter de Boer. It wie in finale mei in soad fouten sadat alles oan de hang kwaam. Daniël Iseger besliste de wedstriid mei in boppeslach fanút it perk.

It partoer fan Van der Bos is de grutte favoryt dit keatsseizoen, mar wûn de lêste twa wedstriden net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)