Partoer Van der Bos wint

29 aug 2009 - 17:22
  • Gert-Anne van der Bos yn aksje (foto: Martin de Jong)

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Pier Piersma hat sneontemiddei de útnoegingskeatspartij yn Moarre-Ljussens wûn. Yn de finale tsjin it trio Wilco Rinia, Renze Pieter Hiemstra en Daniël Iseger kaam alles oan de hang.

Op de stân fan 5-5 en 6-6 makke Gert-Anne van der Bos de partij út mei in geweldige sitbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)