Partoer Tuinenga ek de bêsten yn Arum

26 jul 2015 - 17:21
  • It winnende partoer yn Arum

Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hawwe snein de frije formaasje haadklassekeatspartij yn Arum wûn. Yn de finale wiene se mei 5-3 en 6-0 te sterk foar Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Scheepstra sloech de partij út mei in sitbal. De finale wie in eksakte kopy fan de finale in dei earder yn Seisbierrum.

De lytse preemje wie foar Nicole Hempenius, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)