Partoer Tolsma wint PC 2012

01 aug 2012 - 19:13
  • Partoer Tolsma
  • Partoer Tolsma
  • Partoer Tolsma

De 159ste PC is hiel ferrassend in oerwinning wurden foar it outsiderspartoer fan Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden. Sy wienen yn de finale mei 5-4 en 6-2 de baas oer de grutte favoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. It partoer fan Tolsma sette fleanend útein en stie samar op in foarsprong fan 5-1.

Mar doe dienen de senuwen har wurk en sette it partoer fan Van der Bos oan. Se kamen werom oant 5-3 en in debacle foar Tolsma c.s. hong yn 'e loft. Tolsma moast by dizze stân mei kramp fan it fjild.

De fersoarging duorre hast in healoere en helle it ritme folslein út de partij. Mei earst René Anema en letter Thomas van Zuiden oan de opslach wist it partoer fan Tolsma de partij toch oer de streek te lûken.

Earste omloop

1.Jan Dirk de Groot tsjin 2.Dirk-Yde Sjaarda 5-2 6-2
3.Site Ferwerda tsjin 4.Johan van der Meulen 4-5 0-6
5.Pieter Vogels tsjin 6.Michiel Scheepvaart 2-5 2-6
7.Gert-Anne van der Bos tsjin 8.Haye Jan Nicolay 5-3 6-4
9.Martijn Olijnsma tsjin 10.Peter van Zuiden 5-3 6-4
11.Pieter Bakker tsjin 12.Bauke Triemstra 3-5 6-6
13.Pieter van Althuis tsjin 14.Hendrik Tolsma 0-5 6-6
15.Jelte-Pieter Dijkstra tsjin 16.Menno van Zwieten 5-2 6-6


Twadde omloop

1.Jan Dirk de Groot tsjin 4.Johan van der Meulen 3-5 0-6
6.Michiel Scheepvaart tsjin 7.Gert-Anne van der Bos 4-5 4-6
9.Martijn Olijnsma tsjin 12.Bauke Triemstra 5-3 6-2
14.Hendrik Tolsma tsjin 15.Jelte-Pieter Dijkstra 5-0 6-0


Heale finale

4.Johan van der Meulen tsjin 7.Gert-Anne van der Bos 1-5 0-6
9.Martijn Olijnsma tsjin 14.Hendrik Tolsma 5-5 2-6


Finale

7.Gert-Anne van der Bos tsjin 14.Hendrik Tolsma 4-5 2-6


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)