Partoer Scheepvaart wint keats off foar PC yn Frjentsjer

24 jul 2015 - 08:06

It keatspartoer fan Michiel Scheepvaart, Gert Jan Meekma en Erwin Zijlstra is as lêste wis fan dielname oan de PC yn Frjentsjer. Yn de finale fan de keats off wiene sy te sterk foar Marten Bergsma, Jan Sipke Tuinman en Lennart Adema: 5-5 en 6-0. Dêr seach it lang net nei út, want de lettere winners stiene mei 4-2 achter en letter ek noch mei 5-4.

Oan de keats off dogge de partoeren mei dy't yn de ranking op de plakken 16 oant en mei 19 steane. It partoer fan Scheepvaart begûn oan de beslissingswedstriid as 19e en lêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)