Partoer Minnesma wint yn Snits

11 aug 2001 - 00:00

It haadklassekeatsen foar manlju is sneon yn Snits wûn troch it partoer fan Simon Minnesma, Sake Porte en Teake Triemstra. Yn 'e finale wiene se mei 5-4 en 6-4 te sterk foar it trio Klaas Anne Terpstra, Henk Vlietstra en Auke van der Graaf.

Tredde einige it partoer fan Pieter van Tuinen. Om de lytse preemje wûnen se fan Klaas Berkepas en syn maten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)