Partoer Minnesma wint yn Dokkum

13 aug 2006 - 15:54

It partoer Simon Minnesma, Jan Willem van Beem en Daniël Iseger hat sneon de útnoegingspartij yn Dokkum wûn. Se wûnen yn in spannende finale mei 5-4 en 6-4 fan it partoer fan Sibbele Lootsma, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra.

De bylotte Daniël Iseger waard kening yn Dokkum. De lytse preemje wie foar it partoer Dirk Yde Sjaarda, Herman Sprik en Pier Piersma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)