Partoer Ljouwert útskeakele

09 jun 2014 - 10:55
  • Keatsen telegraaf

It partoer fan Ljouwert is yn de earste omloop fan de Bûnspartij yn Frjentsjer útskeakele troch Minnertsgea. Op de earste list stie fuortendaliks al in finalepartij op it programma. Dêryn gongen Gert-Anne van der Bos, Hans Wassenaar en Daniël Iseger mei 5-3 en 6-6 ûnderút tsjin Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra.

De earste partoeren foar de twadde list binne yntusken ek bekend. Dêryn nimt Hartwert it op tsjin Balk. Deinum komt yn aksje tsjin Damwâld. Hilversum spilet tsjin Boazum. Sint Jabik tsjin Skearnegoutum, Eanjum tsjin Goaiïngea. Grins nimt it op tsjin Bûtenpost, Easterein tsjin Minnertsgea en Holwert tsjin Britsum-Jelsum. Wommels stiet op de twadde list en komt yn aksje tsjin Boalsert, Arum spilet tsjin Grou, Bitgum tsjin Menaam, Wytmarsum tsjin Rie en Tsjummearum tsjin Warkum. Driezum stiet tsjinoer Seisbierrum, Easterlittens tsjin Huzum en ta beslút Ie tsjin Frjentsjer. Berltsum hat in steand nûmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)