Partoer Jan Dirk de Groot wint

29 jul 2009 - 17:00
  • Herman Sprik wint fan Wytsma-en-dy (foto: Dirk Jan Haarsma)
  • Jacob Zaagemans sneuvelt yn de twadde omloop (foto: Dirk Jan Haarsma)

It partoer fan Jan Dirk de Groot mei Herman Sprik en Alle Jan Anema hat op de twadde list wûn mei 5-4 en 6-4 fan it partoer fan Gerben Hein Wytsma mei Jacob Zaagemans en Peter de Boer.

De Groot-en-dy steane yn de heale finale tsjin it partoer Gert-Anne van der Bos. Dat is dan deselde partij as snein yn 'e finale fan 'e generale fan 'e PC yn Arum. Dy waard wûn troch it partoer fan Jan Dirk de Groot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)