Partoer Hijlkema útskeakele

22 aug 2007 - 16:05
  • it wie in titanestriid tusken de twa favoriten
  • Afke Hijlkema

It partoer fan Gejanna Dijkstra, Gerieke de Groot en Afke Hijlkema is yn de twadde omloop fan de frouljus PC yn Weidum útskeakele. It partoer Joostema wie har mei 5-4, 6-2 de baas.

Hoewol't it partoer Joostema dit seizoen it sterkste is, is de útskeakeling dochs opfallend. Dijkstra en dy wienen it ôfrûne wykein goed op dreef. Boppedat ha Dijkstra en Hijlkema mei har partners 9 fan de lêste 10 PC's wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)