Partoer Hempenius wint yn Boalsert

11 jul 2015 - 10:42
  • De twa winnende partoeren fan de frije formaasjepartij yn Sint Jabik

De nije keatsformaasje fan Nicole Hempenius mei de susters Nynke en Wiljo Sijbrandij is freed yn Boalsert winner wurden fan de frije formaasjepartij. Yn de finale waard mei 5-4 en 6-0 wûn fan Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Sjanet Wijnia. De tredde priis gong sûnder te keatsen nei it partoer van Elly Hofman, Anke Winkel en Geke de Boer. It trio Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra luts har werom fanwege in blessuere fan Fenna Zeinstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)