Partoer fan Ilse Tuinenga-en-dy wint yn Akkrum

16 aug 2015 - 17:16
  • De twa winnende partoeren fan de frije formaasjepartij yn Sint Jabik

It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser, Manon Scheepstra hat it frije formaasje haadklasse keatsen yn Akkrum wûn. Se wienen yn de finale mei 5-3 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Elly Hofman, Anke Winkel en Geke de Boer.

De tredde priis wie foar it partoer fan Anne Monfils, Imke van der Leest en Renske Terwisscha van Scheltinga. De frije formaasjepartij fan Akkrum jildt as de generale fan de frouljus PC dy't woansdei yn Weidum keatst wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)