Partoer Dijkstra wint yn Harns

15 aug 2002 - 00:00

It partoer fan Johannes Dijkstra, Tjitte Bonnema en Chris Wassenaar krigen woansdei de krânsen omhongen yn Harns. De finale fan it haadklasse keatsen foar de manlju waard ferline wike freed ôfbrutsen om it minne waar.

Dijkstra-en-dy wienen yn de finale sterker as it partoer fan Klaas Anne Terpstra, André Kuipers en Wybe Visser. Se wûnen mei 5-3 en 6-6.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)