Partoer Dijkstra wint PC 2003

30 jul 2003 - 00:00

Johannes Dijkstra, Karel Nijman en Folkert van der Wei ha de PC fan 2003 wûn. Yn de finale wienen se mei 5-2 en 6-4 better as it partoer fan Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Daniël Iseger. In ferrassende winner.

Elkenien tocht dat Dijkstra en syn mannen de finale al ferkeatst hienen yn de heale finale. Dochs koenen se nochris goed flamme. Berkepas en-dy keatsten in goede heale finale mar wienen it kwyt yn de finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)