Partoer Buma wint yn Menaam

07 aug 2004 - 10:24

Gejanna Buma, Hermanna Miedema en Romy van der Veen wûnen freedtejûn de útnoegingspartij yn Menaam. Yn de finale wie dit trio folle sterker as Andrea de Jong, Doete de Groot en Imke van der Leest. Op 5-2 en 6-6 makke Romy van der Veen de partij mei in boppeslach út.

De tredde priis wie foar it partoer Maaike Joostema, Tynke Toering en Afke Hylkema. Gejanna Buma waard krekt as ferline jier útroppen ta keninginne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)