Partoer Buma wint generale

21 aug 2006 - 10:13

De generale foar de froulju's PC yn Akkrum is sneintemiddei wûn troch Géjanna Buma, Debora Oosterman en Afke Hijlkema. Sy wûnen yn de finale op 5-1 en 6-2 fan Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken.

It partoer fan Géjanna Buma is ek de grutte favoryt op de froulju's PC kommende woansdei yn Weidum. De lytse preemje wie foar Linda Terpstra, Ingrid de Haan en Judy Bergsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)