Partoer Bouma wint yn Ternaard

05 jun 2004 - 00:00

De fyfde frije formaasjekeatspartij yn de haadklasse manlju sneon yn Ternaard is wûn troch it partoer Jochum Bouma, Kor Zittema en Taeke Triemstra. Yn de finale wûnen se mei 5-2 en 6-4 fan Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Auke van der Graaf.

De tredde priis wie foar it partoer fan Klaas Anne Terpstra, dat mei 5-5 en 6-4 ferlear fan it trio Jochum Bouma. It favorite partoer fan Rutmer vd Meer ferlear al yn de earste omloop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)