Partoer Bouma wint 155ste PC

30 jul 2008 - 19:24
  • Partoer Bouma (foto: Martin de Jong)
  • In moai ôfskied foar Auke van der Graaf

De 155ste PC is wûn troch it partoer fan Jochum Bouma, Auke van der Graaf en Douwe Groenendijk. Sij fersloegen yn de finale it trio Gert Anne van der Bos, Tjitte Bonnema en Folkert van der Wei.

Beide partoeren wiene bot oan elkoar weage. De hiele finale gie it sawat lyk op. Mar by in stân fan 5-4 en 6-4 luts it partoer fan Jochum Bouma dochs oan it langste ein. Douwe Groenendijk waard ta kening fan de 155ste PC útroppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)