Partoer Berkepas wint yn Arum

26 jul 2004 - 11:44

De finale fan it haadklasse keatsen yn Arum fan snein gie tusken it partoer fan Sibbele Lootsma en dat fan Klaas Berkepas. Dy wie mei Dirk Jan van der Woud en Auke van der Graaf mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Lootsma mei Tjitte Bonnema en Marten Feensta.

Al nei de earste omloop koenen favorite partoeren fan Klaas Anne Terpstra en Robert Rinia ynpakke. Ek it partoer fan Rutmer van der Meer, Chris Wassenaar en André Kuipers helle gjin heale finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)