Partoer Bauke Triemstra pakt de winst yn Makkum

18 jul 2015 - 17:38

It partoer fan Bauke Triemstra (kening), Dylan Drent en Patrick Scheepstra hat sneon it keatsen yn Makkum wûn. Mei 5-4 en 6-6 waard it trio Gert-Anne van der Bos, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar ferslein. Van der Bos ferfong Jan Dirk de Groot. Hy wie blessearre rekke yn de earste omloop.

Ilse Tuinenga, ynfallen foar de blessearre Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra waarden de winners by de froulju. Yn de striid om priis en preemje waarden Nicole Hempenius, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij ferslein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)