"Partisipaasjewet kostet tsientallen banen"

13 okt 2015 - 17:57
  • Wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert

De burokrasy fan de nije partisipaasjewet kostet tsientallen Fryske banen. Dat seit wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert. By de útfiering fan dy partisipaatsjewet komt safolle papierwurk dat it te'n koste giet fan it echte wurk. De partisipaasjewet ferplichtet gemeenten om kwetsbere minsken, lykas minsken mei in beheining, te helpen by it finen fan in betelle baan. De ûndersiken dy't fan it regear útfierd wurde moatte, kostje hast 800 euro per persoan.

Der moat ûnder oare besjoen wurde oft ien wol echt rjocht hat op dy help. Dy ûndersiken binne neffens Ekhart hielendal net nedich. Hy wol dan ek mei Den Haach prate oer it skrassen fan de ûndersiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)