Partikuliere berneopfang iepene

02 jun 2003 - 00:00

Partikulieren kinne ûnder lieding fan de Kinderopvang Noordwest Friesland in eigen erkende berneopfang begjinne. Yn Harns waard moandei sa'n opfanghûs foar bern oant tolve jier iepene. Yn it westen fan it lân binne al in protte fan sokke inisjativen.

De berneoppas moat oan guon easken foldwaan. It hûs moat faak ek oanpast wurde. Foar de gastâlden hat dizze foarm fan opfang tal fan belesting- foardielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)