Partijtop wol fan Algra ôf

17 mrt 2010 - 12:56

De lanlike partijtop fan it CDA wol ôf fan Rendert Algra. Dat hat de partij him witte litten. Hy krige in negative beoardeling. Dat is nuver want it Fryske CDA hat Algra krekt foardroegen as kandidaat foar de list foar de Twadde Keamer.

It Fryske partijbestjoer bliuwt foarearst efter de kandidatuer fan de Jobbegeaster stean. Foarsitter Tamminga wol twa Friezen, Sander de Rouwe en Joop Atsma, op in ferkiesber plak ha en ien dêr flak by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)