Partijen wolle oplossing Harns

01 aug 2012 - 17:53

De riedsfraksjes fan de PvdA, it CDA en de VVD yn de Harnzer gemeenteried wolle de hannen ynelkoar slaan om de bestjoerskrisis op te lossen. De partijen wolle in koersdokumint opstelle wêryn't sy oant de ferkiezings mei oan de slach wolle. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders kin dan dan útfiere.

Neffens de trije partijen is de needsaak foar in oplossing heech. Der lizze in soad bestjoerlike fraachstikken dy't oplost wurde moatte. Op 8 augustus praat de gemeenteried oer de ûntsteane situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)