Partijen Opsterlân wolle ûndersyk nei gunning subsydzje

07 jan 2016 - 22:56
  • Gemeente Opsterlân

De partijen BAS-Opsterland, OpsterLanders en de FNP yn Opsterlân wolle dat der in ekstern ûndersyk dien wurdt nei mooglike belangeferfrisseling by de gemeente. It giet om in subsydzje fan 25.000 euro dy't oan soarchynstelling Springht gund is.

Dizze organisaasje soe eigendom wêze fan de echtgenoat fan Opsterlands Belang riedslid Sikke Marinus. Neffens de partijen is Springht in nij bedriuw sûnder ûnderfining dat keazen is út in oanbesteging fan 200 bedriuwen. Allinnich Springht krijt no in pilot en in subsydzje.

De oare soarchoanbieders hawwe dêrop by de riedsleden oan de belle lutsen. De politike partijen stelle no fragen oan it kolleezje en freegje om in ekstern ûndersyk om de saak op te lossen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)