"Partijbestjoer GL swak"

05 okt 2012 - 15:14
  • Sap

It partijbestjoer fan Grien Links soe opstappe moatte. Dat seit Irona Groeneveld fan Grien Links yn provinsjale steaten yn reaksje op it ôftreden fan fraksjelieder Jolande Sap fan Grien Links yn de Twadde Keamer. Sap seach gjin mooglikheid mear om oan te bliuwen neidat it partijbestjoer it fertrouwen yn har opsein hie. Neffens de partijtop is der gjin draachflak mear foar Sap as polityk lieder, nei it ferlies by de ferkiezings. Mar flak nei dy ferkiezings stipe it bestjoer Sap wól.

Fraksjefoarsitter Groeneveld fan Grien Links yn de Steaten ferwyt it partijbestjoer in 'zwabberende koers'. Einst soe de top sels ek mar better opstappe kinne, fynt se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)