Partij voor de Dieren wol kattejacht yn Fryslân ferbiede

20 okt 2015 - 22:47
  • Jager op 'en paad foar de jacht

De Fryske fraksje fan de Partij voor de Dieren komt yn it gewear tsjin it beslút fan de provinsje om it ôfsjitten fan wylde katten ta te stean. Yn de measte provinsjes is it ôfsjitten fan de katten ferbearn, mar yn Fryslân net. Hjir is de jacht tastien fanwege de grutte skea dy't de katten oanbringe ûnder greidefûgels.

De Partij voor de Dieren stelt Deputearre Steaten skriftlike fragen oer dizze saak. De partij wol in ferbod op kattejacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)