Partij voor de Dieren wol aksje tsjin sâltwinning ûnder Waad

18 aug 2015 - 15:21
  • Struisâlt

De Partij voor de Dieren yn Fryslân wol dat it kolleezje fan deputearre steaten fan Fryslân mei oare provinsjes ûndersiket wat de mooglikheden binne om de sâltwinning ûnder de Waadsee op te kearen. Neffens de fraksje is de fergunning troch steatssekretaris Dijksma ferliend op basis fan in ûndeugdlik ûndersyk nei de gefolgen fan de winning foar natuer en it miljeu.

De fergunning moat neffens de fraksje ynlutsen wurde om't dy yn striid wêze soe mei de regels fan Natura 2000. De Waadsee falt ûnder dy rjochtline.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)