Partij vh Noorden wol meidwaan

02 jul 2006 - 12:30

De Partij voor het Noorden oerwaget om mei te dwaan oan de kommende Twadde Keamerferkeizings. De partij wol dat dwaan mei as tema 'Meer zelfstandigheid voor Noord-Nederland'. Neffens partijlieder Teun Jan Zanen ha it ryk en it noarden in 'gaotyske relaasje'. Der is yn it noarden in soad argewaasje oer saken as de ierdgasopbringst en de Suderseeline.

De leden fan de partij meie meikoarten de knoop trochhakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)