Partij vh Noorden diskriminearre

05 maaie 2004 - 00:00

De Partij voor het Noorden oerwaget in koart pleit oan te spannen tsjin it ministearje fan Binnenlânske Saken. Ein april wie yn Den Haach in start- byienkomst foar alle dielnimmende partijen oan de Europeeske ferkiezings.

De PvhN krige dêt as nije partij net de gelegenheid om it wurd te fieren. Oare partijen wol. Dêr komt noch by dat de partij ek net meinaam is by de gearstalling fan de nije stimwizer op ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)