Partij v.d. Dieren lulk op CDA

12 jan 2010 - 21:35

De Partij voor de Dieren yn Fryslân fynt dat de steatefraksje fan it CDA de ljippen en It Fryske Gea mei rêst litte moat. It CDA frege koartlyn Deputearre Steaten maatregels te nimmen tsjin It Fryske Gea, neidat dat it aaisykjen yn syn gebieten ferbea.

It Gea wol mei de maatregel it weromrinnen fan de greidefûgelstân tsjingean. It CDA leaut dêr net yn, de Partij voor de Dieren wol. Dy fynt dan ek dat it CDA syn fersyk om maatregels ynlûke moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)