Partij vd Dieren docht oanjefte

02 nov 2006 - 10:14

De Partij voor de Dieren sil oanjefte dwaan by de plysje foar de ferdrinkingsdea fan de 18 hynders yn it bûtendyks gebiet by Marrum. De partij ferwyt de eigner fan de hynders en it Fryske Gea dat der net adekwaat optreden is. Der soe sprake wêze fan morele en mooglik juridyske oanspraaklikheid foar de dea fan de hynders, sa seit de partij.

Fierders soe ek it Fryske Gea ferantwurding ôflizze moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)