Part SCI'ers nei bijstân

06 jan 2003 - 00:00

It wurdt hieltyd dreger om de meiwurkers fan kompjûterfabryk SCI dy't ûntslein binne, oan in baan te helpen. Fan de twahûndert wurknimmers fan SCI op it Hearrenfean hat in tredde part yntusken wer in baan. In man as fjirtich binne dwaande it fabryk skjin te meitsjen en te ûntmanteljen.

In tal meiwurkers kin oan it wurk by it Maple Leaf-fabryk yn Snits. Foar de oaren wurdt it dreech om in baan te finen, tinkt CNV-bestjoerder Fortuijn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)