Part personiel Walda oernommen

22 jun 2006 - 07:57

It bedriuw Feenstra Verwarming nimt trettjin personielsleden oer fan it fallite technyske ynstallaasjeburo Walda út Drachten. Dat hat kurator Van Zandbergen bekendmakke. It giet om minsken dy't wurken op de ûnderhalds- ôfdieling fan Walda.

Tiisdei waard bekend dat ynstallaasje- bedriuw Burgers Ergon út Apeldoorn de ynstallaasje-aktiviteiten fan Walda oernimt. 36 Waldameiwurkers kinne mei oer. By Walda wurken hast 70 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)