Part Mienskipssoarch kin troch

16 maaie 2013 - 09:02

Mienskipssoarch yn Boarnsterhim moat mooglik ien of twa meiwurkers dien jaan, troch de opdieling fan de gemeente. De stichting fiert op dit stuit de Wet Maatschappelijke Ondersteuning út foar Boarnsterhim. Yn de doarpen sitte spesjale meiwurkers dy't belle wurde kinne mei fragen oer bygelyks helpmiddels, soarch foar âlderein of problemen mei jongerein.

Hearrenfean en Ljouwert wolle de meiwurkers fan Mienskipssoarch wol oernimme. De Friese Meren en Súdwest-Fryslân hawwe dêr gjin belang by. By Mienskipssoarch wurkje no sechstjin minsken.

De weryndieling fan Boarnsterhim wurdt op 1 jannewaris trochfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)