Part Maritime Akademy nei Trebol

20 jun 2003 - 00:00

In part fan de Maritime Akademy yn Harns sil takom skoaljier ferhúzje nei Studio Trebol. Dizze akademy is in gearwurking fan it Noardsee Kolleezje, it Nova Kolleezje en de Hegeskoalle fan Amsterdam.

Fanwege de grutte belangstelling foar de VMBO en MBO-opliedingen yn Harns wurde dizze opliedingen ferpleatst nei Trebol. Yn it teater sille fjouwer lokalen ynrjochte wurde. It teater yn Trebol giet gewoan troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)