Part Ljouwerter Bosk ôfsletten om omfallende beammen

19 apr 2016 - 22:42
  • It Ljouwerter Bosk
  • Gebieten dy't ofsletten binne

Parten fan it Ljouwerter Bosk binne per direkt ôfsletten troch de gemeente. It bosk oan de noardkant fan Ljouwert ûnderfynt noch hieltyd de gefolgen fan de hjerststoarm fan 2013. Sa falle der noch altiten beammen om en brekke der skeinde beammetûken ôf. Dêrom moatte guon parten fan it bosk ticht om de feilichheid te garandearjen.

De gemeente Ljouwert sil mei in plan fan oanpak komme om it bosk wer feilich te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)