Part Lauwersmargebiet ôfsletten

23 feb 2001 - 17:32

In part fan it Lauwersmargebiet is tydlik ôfsletten foar besikers. Steatsboskbehear is ta dizze maatregel kaam yn ferbân mei it útbrekken fan de besmetlike feesykte tongblier, yn Ingelân.

Yn it Lauwersmargebiet giet it allinnich om stikken dêr't Skotse heechlanners rinne. Dat binne de Zoutkamperplaat en de Kollumerwaard. De ôfsluting stiet mei buorden oanjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)