Part frachtskip Eems burgen

24 okt 2005 - 11:29

It is de bergers fan it yn 'e Eems yn Dútslân sonken binnenfeartskip snein lang om let slagge om de Ilona M. midstwa te seagjen. De boech fan it skip waard gau nei it losseagjen ôffierd troch de streaming fan 'e Eems.

De bergers geane der fan út dat it lêste part fan it skip moandei burgen wurde kin. Op syn betiidst is der tiisdei wer skipfeart mooglik. In soad binnenfeartskippers wachtsje hjir al mear as in wike op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)