Part fan stellen Cessna fûn

18 aug 2000 - 11:51

In part fan it moandei stellen fleantúch fan It Amelân is wierskynlik fûn. In skip hat fyftjin kilometer boppe Rottumerplaat it foartsjil fan in Cessna fûn. De plysje giet der fan út dat it fan it stellen fleantúch is.

De kâns dat de man dy't it fleantúch meinaam noch libbet liket dêrmei lyts. Earder wie der sprake fan dat er miskien Denemarken helle hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)