Parsepriis nei makkers Kameleon

09 nov 2002 - 00:00

De Fryske Parsepriis giet dit jier nei de studinten fan Bernlef yn Grins. De makkers fan de alternative Kameleonfilm krije de priis om't se neffens de sjuery op orizjinele wize omtinken frege foar de Fryske taal en kultuer.

Bernlef hat de film makke as ludyk protest tsjin de Nederlânsktalige film fan Steven de Jong. De film belibbe sneon de Fryske premiêre op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert. It publyk wie entûsjast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)