Parsepriis foar Roy Wesseling

18 nov 2006 - 12:27

Cambuur-trener Roy Wesseling hat de Parsepriis 2006 krigen. Hy krijt de priis om't hy de publisiteit yn it ôfrûne jier net út de wei gien is, mar ek net socht hat.

Hy hat in soad yn it nijs west troch de finansjele problemen by Cambuur yn it begjin fan dit jier en letter ek mei de sportive problemen. En ek no't it wer wat better giet mei Cambuur, bliuwt er yn de belangstelling stean fan de Fryske parse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)