Parsekonferinsje oer Lusanne

05 sep 2003 - 00:00

Omrop Fryslân hat live op radio en tillevyzje in parsekonferinsje fan de plysje útstjoerd. Dêr die bliken dat der in man út Ryptsjerk oanhâlden is yn de ûntfieringssaak fan Lusanne van der Gun. De man komt oarspronklik út Limburch en foldocht oan it sinjalemint fan de plysje.

Freedtemoarn die de plysje in ynfal yn de wente fan de man oan de Ypeysingel yn Ryptsjerk. Ek syn grize auto is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)