Parsekonferinsje Kramer live

28 mrt 2014 - 09:40
  • Sven Kramer

De parsekonferinsje fan reedrider Sven Kramer is freedtemiddei om healwei ienen live te folgjen op Omrop Fryslân radio en Omroplive.nl. Kramer sil in taljochting jaan op syn sportive takomst. De reedrider makke oant dit seizoen diel út fan de TVM-ploech. Dy sponsor is der nei 14 jier mei ophâlden.

Kramer hat op it stuit te krijen mei sûnensproblemen. Hy is in pear wike lyn opereard oan syn luchtwegen. It herstel rint net sûnder problemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)