Parsekonferinsje Cambuur live

02 apr 2014 - 16:28
  • Stockfoto Cambuur stadion

It bestjoer en âld-trainer Dwight Lodeweges fan SC Cambuur jouwe tongersdei in taljochting op it fuortgean fan de trainer en de gong fan saken. Dizze parsekonferinsje stjoert Omrop Fryslân streekrjocht út op televyzje en ynternet. Moandei waard bekend dat Lodeweges de Ljouwerter klup ferlit en oan 'e slach giet as haadtrainer by SC Hearrenfean. Hy soe pas oan 'e ein fan it seizoen fuortgean, mar nei protesten en bedrigings fan supporters hat de trainer besletten fuortendaliks op te stappen.

De parsekonferinsje wurdt hâlden nei de útrintraining en begjint om ûngefear 12.15 oere. It is te folgjen op de televyzje en www.omroplive.nl. Ek wurdt der ferslach dien op Twitter, fia @OmropSport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)