Partoer Wagenaar klear foar PC

18 aug 2013 - 17:30
  • It partoer fan Lisette Wagenaar

Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hawwe snein yn Akkrum harren favoriterol wiermakke troch de generale repetysje foar de frouljus PC te winnen. Yn de finale wie it trijetal mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Nicole Hempenius, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga.

De lytse preemje wie foar Sanne Velsma, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra. It trijetal ferlear yn de striid om in finaleplak mei 5-2 en 6-6 fan it partoer fan Hempenius c.s.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)