Parnas kursisten nei Klaaiwurk

16 okt 2012 - 22:32

In groep keramykkursisten fan Parnas wol op 3 novimber oan it publyk sjen litte hoe't se tenei sels har lessen organisearje. Se ha de feriening Klaaiwurk Boksum oprjochte, mei syn 24-en en seistûzen euro op it kleed brocht. Se sitte no yn in pleats yn Boksum.

Alle ynboel lykas ovens en materialen hawwe se fan Parnas, it sintrum foar de keunsten fan Ljouwert, oernommen doe't de gemeente de stekker út it sintrum luts. In grut ferskil mei Parnas is dat se minder les fan dosinten ha en mear sels dwaan moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)