Parketplysje op paad foar boetes

23 des 2004 - 17:39

Der komme ek yn Fryslân hieltyd mear minsken dy't opleine boetes net betelje. Tûzenen minsken litte jierliks har jildboetes oprinne oant hûnderten, soms tûzenen euro's. Sy riskeare dêrmei in konfrontaasje mei de parketplysje. Dy gie der woansdei manmachtich op út om foar de krystdagen dochs noch it jild te ynkassearjen.

Mei de kar: betelje of sitte, wurdt it foar guon in krysttiid om net te ferjitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)