Parkearwachter hast oanriden

08 jun 2011 - 11:25

In 25-jierrige man út It Hearrenfean is tiisdei oanhâlden foar besykjen ta deaslach. Hy hie rûzje krige om't er de auto oer twa parkearfakken delset hie by de Koarnbeurswei en bot yn de wei stie. De parkearwachter sei der wat fan en de man waard poer.

De parkearwachter en omstanners wiene net by machte de man del te bêdzjen. Hy stapte wer yn de auto en ried achterút. De parkearwachter moast fuortspringe om net ûnder de auto te kommen. De plysje hat de man oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)