Parkearwachter bedrige

30 maaie 2007 - 10:17

De plysje hat tiisdei yn Warkum twa manlju út dat plak oanhâlden fanwege de bedriging fan in parkearwachter. De twa manlju, fan 51 en 59 jier, hiene spul krigen mei de man, oer in parkearboete.

De wurdewiksel rûn út de hân en de parkearwachter waard doe fêstpakt troch de Warkumer. Omstanners warskôgen de plysje en dy hat de twa manlju meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)